Cor Ket
Quick Facts
Biography
Cor Ket (Ljouwert, 16 jannewaris 1920 - Grins, 20 juny 1955) wie musikus. Ket wie sûnt 1949 dirigent fan it Frysk Orkest, op 11 maaie 1948 oprjochter fan it Ljouwerter Bachkoar en dirigint fan it Mingd Koar Grou en it Frysk Jeugd Orkest.
Ein
Op 11 juny ûndergong hy in swiere hert-operaasje yn it Akademysk Sikehûs te Grins, dy't him lykwols troch optredende komplikaasjes needlottich waard. Syn ferstjerren betsjutte foar it hiele Fryske kulturele libben in tige swiere slach. Troch Minister Cals waard yn de Earste Keamer Kor Ket betocht.
Memoriam
Op 22 septimber 1955 waard in konsert yn Memoriam Cor Ket jûn troch Frysk orkest, Bachkoar, Mingd Koa Grou, Jo Juda (fioelelearaar Kor Ket), Jaap Spaanderman (learmaster Kor Ket ) en it jeugdorkest. Op dit yn Memoriam konsert waard troch ûnder mear koar en de Bachvereniging mei begelieding fan it Frysk Orkest it slotkoar út de Mattheus Passion songen Wir setzen uns mit Tränen nieder. It konsert waard twarres útfierd mei beide kearen in bomfolle Harmonie.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|