Clara Eggink
Quick Facts
Biography
Clara Hendrika Catharina Clementine Helène Eggink (Utert, 18 april 1906 - Scheveningen (neffens oare boarne: Rosa Spierhûs, Laren), 3 maart 1991), wie in Nederlânsk dichteresse, proazaskriuwster en oersetster.
Libben
Eggink brocht har libben troch mei ferskate bekende Nederlânske dichters. Op 4 novimber 1926 troude hja, mar tweintich jier âld, mei de folle âldere J.C. Bloem. Sy krigen in soan, Wim hjitte er. Nei harren skieding yn 1932, gongen sy yn'e maityd fan 1935 dochs wer byelkoar wenjen, mar boaske Eggink yn dizze sitewaasje dochs mei Jan Campert op 16 septimber 1936. Dat houlik rûn lykwols ek op 'e non.
Ein 1957 reizge Eggink yn Fryslân om, om't hja nei lisplak foar har boat socht. Sy fûn in hûs yn Kalenberg en frege doe Bloem om opnij by har yn te wenjen. Bloem stoar dêr yn 1966, sy hat dêr neitiid noch jierren wenne.
Oer har ferhâlding mei J.C. Bloem hat se de 'bibliografyske skets' Leven met J.C. Bloem skreaun. Clara Eggink leit te hôf yn Paasloo, njonken har eardere man en freon J.C. Bloem.
Bibliografy
- 1934 - Schaduw en water
- 1938 - Het schiereiland
- 1941 - Landinwaarts
- 1953 - Kleine grapjes van grote mensen
- 1954 - De rand van de horizon, verzamelde verzen
- 1960 - De merkwaardige reizen van Henriëtte en Alexandrine Tinné
- 1961 - Gewoon mensen
- 1962 - Een Rotterdams kind en andere ontmoetingen
- 1978 - Leven met J.C. Bloem, Amsterdam: Athenaeum-Polak & Van Gennep
- 1979 - In Afrika
- 1980 - Kind
- 1983 - Verzen - vroeg en laat