Cees Zijsling
Quick Facts
Biography
Cees Zijsling (Drylts, 1961) is in bouwer fan technyske konstruksjes út Drylts. Yn syn bedriuw oan de Iendrachtswei makket er ûnder oare konstruksjes foar wei- en wetterbou, lykaspealmûtsen, ankerstangen, skroefblêden, bolders, wartels en oanlisringen. Mar ek skipsmotors, wâlbeskoaiïngs en (autentike) skipsrestauraasjes hearre ta de bedriuwsûnderdielen.
Spesjaliteit is syn Drylster pream en sûnt 2008 in tsjotter ofwol Frysk boatsje dat eartiids yn hout as plesierboatsje boud waard.
Trekker-lûken
Doe't der by it wrâldkampioenskip ploegjen op de Flevohof yn 1977 ek in demonstraasje fan tractor pulling jûn waard, wie Cees daliks poer om ek in trekker te bouwen.
In jier nei de yntroduksje die Sijsling yn 1978 foar de earste kear mei oan it Nederlânsk kampioenskip Trekker-Trek, ofwol tractor-pulling. De trekker mei Ford-motor hie doe in fermogen fan 175 pk. Letter stapte er oer op Rolls-Royce Griffon fleantúchmotors. It fermogen groeide nei sa'n 8000 pk. Doe't er yn 2010 ophâlde omdat it tefolle tiid koste, hie er nei 32 jier meidwaan mei syn team sa'n 450 bokalen wûn. Syn team It Kypmantsje wûn alve Nederlânske- en trije Europeeske titels.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|