Catrinus Jepma
Quick Facts
Biography
Catrinus Jepma (Swol, 1953) is plakferfangend heechlearaar ynternasjonale ekonomy oan de Universiteit fan Grins en miljeu-heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy wurdt dan ek wol as Greenpeace-professor neamd omdat Greenpeace syn learstoel betellet.
Syn pake en oerpake wiene aktyf by it opstellen fan it FRS, it Fryske stamboek. Syn famylje komt út Mantgum en Jorwert. Al foar syn ôfstudearjen waard Jepma yn 1977 wittenskiplik meiwurker oan de RuG yn Grins by de seksje ynternasjonale ekonomy. Yn 1986 promovearre hy op de Noard-Súd-ferhâldingen. Hy hâldt him in soad dwaande mei de klimaatproblematyk en wurdt faak as unôfhinklik deskundige útnûge. Ek oer it broeikaseffekt en enerzjyproblematyk hâldt hy lêzings. Sa joech hy it regear yn 2008 noch advys oan it regear oer de opslach fan CO2 yn lege gasfjilden.