peoplepill id: boudewijn-van-loo
BVL
Netherlands
1 views today
1 views this week
Boudewijn van Loo
Politician

Boudewijn van Loo

The basics

Quick Facts

Intro
Politician
Work field
Gender
Male
Birth
Place of birth
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
Death
Place of death
Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
Age
76 years
The details (from wikipedia)

Biography

Boudewijn van Loo (Ljouwert?, ? – dêre, 1596) wie in soan fan Gerrit van Loo dy’t út Hollân kaam. It liket dat hy in hege amtner west hast. Hy kocht as wenhûs it Rollemahûs dat lei aan de Iewâl tsjinoer it Auckemahûs, no it stedhûs fan Ljouwert. Hy liet der in hôf by oanlizze. Boudewijn gie fierder yn ‘e spoaren fan syn heit. Hy waard riedshear by it Hof fan Fryslân. Dernjonken wie hy keninklik rintmaster-generaal fan de domeinen en, der wurdt tocht, grytman fan It Bilt. Yn de praktyk wie hy de lânhearre yn It Bilt. De kombinaasje fan rintmaster en grytman kaam faker foar yn It Bilt.
Boudewijn gie wenjen yn it Rollemahûs. Yn 1564 liet er it Rollemahûs ôfbrekke en der kaam in nij hûs, dat de weardichheid fan de bewenner útstriele, foar yn ‘t plak. It waard as ien fan de moaiste Ljouwerter huzen beskôge. Neist en los fan it hûs waard it hûs fan syn sweager Piter Dekema boud.

Nei’t de Steaten yn 1580 it bewâld oernamen,hat Boudewijn van Loo kâns sjoen om syn amten te behâlden. Utsein dat er yn 1585 efkes fêstsitten hat. Yn 1588 is hy mei pinsjoen gien.

Piter Dekema en Boudewijn van Loo wienen net allinne sweagers, mar hienen ek in sakerelaasje. Boudewijn van Loo die ek mei yn de ferfeanterij fan Piter Dekema.

Doe’t de Steaten in amtwent foar de steedhâlder nedich hienen, foel it each op it hûs fan Boudewijn van Loo en it Dekemahûs. De hearen waarden it iens. Neffens de, noch bewarre, keapakte hawwe Boudewijn van Loo en syn frouJacomina van Kerckwerue it hûs op12 april 1587 foar 12.000 gûne oan de Steaten ferkocht.

De Van Loo’s binne letter foaral amtners west. Hoewol se ek pleatsen yn harren besit hienen.In oare Gerrit van Loo dy’t yn de skiednis neamd wurdt is Gerrit van Loo, de gritenijsekretaris fan It Bilt. Hy wie troud mei Hiskia fan Uylenburg. Doe’t syn skoanheit, Rombout fan Uylenburg, ferstoar, kaam syn skoansuster Saskia by him as har fâd te wenjen. Se krige ferkearing mei de skilder Rembrandt van Rijn. It pear is fan út it hûs fan de breid op 22 juny 1634 yn de âlde Anna-tsjerke te Sint Anne troud.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Boudewijn van Loo is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Boudewijn van Loo
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes