Berent Prakken
Quick Facts
Biography
Berent Prakken (Easterwâlde, 1817 - dêre, 23 jannewaris 1871) wie sûnt 1850 wethâlder en riedslid fan de gemeente Eaststellingwerf, yn 1864 lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Wie opsjenner fan de Kompanjonsfeart en feanen. Skreau Beschouwingen over de wenschelijkheid en uitvoerbaarheid van een kanaalverbinding tusschen Blokzijl en Groningen (Stienwyk 1867). Dit ûntwerp lokke de brosjuere út fan F.O. Sleeswijk en K.S. van Andringa, Beskôgingen oer it belang fan in Kanaalferbining Grins- De Gerdyk - It Hearrenfean - De Lemmer (1868). Hy brocht op eigen kosten yn dy tiid grutte ûntginningen ta stân yn de omkriten fan Appelskea, dêr't hy om de Hildenberch in pleats sette liet, in foarbyld dat yn 1869 neifolge waard troch J. Welles út Ljouwert.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|