peoplepill id: berend-joukes-fridsma
BJF
Netherlands
1 views today
1 views this week
Berend Joukes Fridsma
Dutch linguist

Berend Joukes Fridsma

The basics

Quick Facts

Intro
Dutch linguist
Gender
Male
Place of birth
Scharnegoutum, Súdwest-Fryslân, Friesland, Netherlands
Age
100 years
The details (from wikipedia)

Biography

Berend Joukes Fridsma (Skearnegoutum, 15 jannewaris 1905 - Grand Rapids (Michigan), 12 oktober 2005) wie in taalkundige en dichter.

Libben

De húshâlding Fridsma emigrearre yn 1910 nei de Feriene Steaten. Fridsma waard mei 29 jier lid fan de Fryske Krite 'Gysbert Japiks' yn Grand Rapids.

Fridsma wie heechlearaar Dútsk oan Calvin College yn Grand Rapids Michigan, fan 1956 oant 1970, grûnlizzer fan it Frysk Ynformaasjeburo (Frisian Information Bureau, 1943-1984), redakteur fan Frisian News Items en strider foar de Fryske saak yn Amearika. De aksje foar Fryslân is te begripen út Fridsma’s kristlike eftergrûn: it sykjen fan gerjochtichheid. Al ier lid fan it Kristlik Frysk Selskip hat er de Fryske Beweging breder opfette as allinne mar in taalbeweging.

Hy publisearre yn Fryske tydskriften en skreau oersjoggen fan Fryske literatuer yn Amerikaanske ensyklopedyen. Yn 1991 waarden syn oantinkens en in bondel fersen útbrocht.

Fridsma en in tal meistanners en syn ideële meistrider Lolle Piers de Boer pleiten yn 1943 by it Nederlânske regear yn Londen foar mear autonomy foar it Fryslân fan nei de oarloch.

Sitaat

  • 'De Friezen wurde krekt sa diskriminearre as de negers'

Oar wurk

  • The place of the Frisians yn Dutch history (1928)
  • Twaklank: in mannich fersen, oarspronklik en oerset. (1991)
  • De nea ferbrutsen bân. 60 jier Fryske Aksje yn Amearika. Autobiografy (1991). De Tille, Ljouwert

Keppelings om utens

  • [2] Oldest living Calvin College professor emeritus Fridsma dies at age 100. Tireless Frisian heritage promoter, 7 novimber 2005.
  • [3] Tjitte Piebenga oer poëzij fan Fridsma, Ljouwerter Krante, 6 desimber 1991.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Google Books
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Fridsma.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Berend Joukes Fridsma is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Berend Joukes Fridsma
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes