peoplepill id: ben-clark-2
BC
United States of America
1 views today
1 views this week
Ben Clark
American army scout, guide and interpreter

Ben Clark

The basics

Quick Facts

Intro
American army scout, guide and interpreter
Work field
Gender
Male
Place of birth
St. Louis, Missouri, USA
Place of death
Fort Reno, Canadian County, Oklahoma, USA
Age
72 years
The details (from wikipedia)

Biography

Ben Clark (folút: Benjamin Clark; St. Louis (Missoury), 2 febrewaris 1842 – El Reno (Oklahoma), 24 july 1914) wie in Amerikaansk postrinner, militêr, keapman, gids, tolk en ferkenner. Hy wie lange tiid yn it Wylde Westen aktyf foar it Amerikaanske Leger, en wurke dêrby gear mei û.m. generaal Philip Sheridan en luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

Libben en karriêre

Clark waard yn 1842 berne yn St. Louis, yn 'e Amerikaanske steat Missoury, dêr't er syn iere jonkheid trochbrocht. Yn 1853, doe't er alve jier wie, gied er nei Fort Bridger ta, yn súdwestlik Wyoming, dêr't er oant 1856 as postrinner wurksum wie. Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) melde Clark him oan by it Noardlike Leger, en tsjinne er by de kavalery.

Nei ôfrin fan 'e oarloch waard er as feint oannommen troch in keapman dy't hannel dreau mei de Yndianen. Dêrby droech Clark soarch foar de trein fan mei hannelswaar bepakte mûldieren, en reizge er de hiele Amerikaanske frontier bylâns. Hy learde yn dy tiid ferskate Yndiaanske talen te sprekken en teffens waard er bekend mei de gewoanten fan ferskillende Yndiaanske folken. Mank de Yndianen kaam er bekend te stean as 'Reade Nekke' (Red Neck), nei't men oannimme mei om't er in ljochte hûd hie dy't maklik ferbrânde.

Fanwegen syn kennis waard Clark neitiid gauris om rie frege troch oare keaplju en legerofsieren. Dêrby ûntjoech er him ta in favoryt fan generaal Philip Sheridan. Fan 1867 ôf begelate er sadwaande it Amerikaanske Leger as gids, tolk en ferkenner, hoewol't er formeel net yn it leger tsjinne. Yn dy hoedanichheid wied er op 27 novimber 1868 oanwêzich doe't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer by it Bloedbad fan de Washita it winterkamp fan 'e Súdlike Sjajinnen fan it opperhaad Swarte Tsjettel oanfoel en foar in part útmoarde. Neitiid lei er oer dat foarfal in tsjûgenis ôf dy't de aksjes fan 'e Amerikaanske soldaten yn in tige min ljocht pleatste.

Nei 1869 wie Clark stasjonearre yn Fort Supply, yn it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), dêr't er as postrinner, gids en tolk aktyf wie. Letter waard er oerpleatst nei Fort Reno, in ein fierder nei it súdeasten ta, dêr't er de rest fan syn libben bleau. Clark troude twaris, beide kearen mei Yndiaanske froulju, dat foar 't neist Súdlike Sjajinnen wiene. Syn earste frou, Toch-e-me-ah, wie alve jier jonger as him, en kaam yn 1875 mei 22 jier te ferstjerren. Syn twadde frou, Moka, ferstoar yn 1913. Clark hie trije bern, allegear út syn twadde houlik: Marie Clark McKinley (1896-1949), Anna Mae Clark Chouteau (1898-1928) en Philip Clark (1900-1900), dy't yn 'e widze stoar.

Op 24 july 1914 die Ben Clark himsels tekoart op 'e legerbasis Fort Reno, by El Reno, yn Oklahoma. Hy waard 72 jier. Men giet derfan út dat syn beslút om út it libben te stappen ynjûn waard troch oanboazjende minnichte, earmoede en mooglik fertriet oer it ferstjerren fan syn twadde frou. Hy waard begroeven op it Fort Reno Post Cemetery.

Boarnen, noaten en referinsjes

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Ben Clark is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Ben Clark
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes