Auke Boonemmer
Quick Facts
Biography
Auke Boonemmer (Grou, 8 july 1823 - Hurdegaryp, 27 jannewaris 1894), skûlnamme: Master Abe, wie in ferver en skriuwer fan toanielstikken en foardrachten.
Hy wie in soan fan skoalmaster Wytse Uilkes Boonemmer en Elske Jogchems de Vries. Hy siet op de legere skoalle yn Grou mei û.o. Hjerre Gjerrits van der Veen. Boonemmer siet graach mei de noas yn de boeken, lies Rafaëls Camphuyzen en striidskriften út de tiid fan de reformaasje. Boonemmer liet syn earste stikjes lêze troch T.G. van der Meulen. Dy liet se Harmen Sytstra sjen en dy sette se yn syn tydskrift Iduna. Waling Dykstra krige en bydragen foar De Husfrjeon.
Ferneamd stik fan Boonemmer is Breidzje. Hy wie ien fan de mannen fan it Winterjûnenocht. Dat die er yn 't earstoan mei de Grouster Jentsje Sytses Sytema (1862-64) en letter mei Waling Dykstra.
Boonemmer stoar yn earmoede en hie te lijen fan efterfolgingswanen.
Wurk
- Karút
- 'Baes Flip ketellapper' (1860)
- 'It oarde boask', toaniel (1865)
- 'De jounpraters te Stoppelgea, twa nutsfoarlêsingen'
- In foärlêzing, yn Joh. A. Leopold en L. Leopold, Van de Schelde tot de Weichsel. Diel 3: Friesland. J.B. Wolters, Grins 1882
- Bydragen yn tal fan Fryske tydskriften.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J. H. Encyclopedie van Friesland, 1958. Boonemmer, Auke |