peoplepill id: aoife-clancy
AC
Ireland
22 views today
51 views this week
Aoife Clancy
Irish singer

Aoife Clancy

The basics

Quick Facts

Intro
Irish singer
Places
Work field
Gender
Female
Birth
Age
58 years
The details (from wikipedia)

Biography

Aoife Clancy (útspr. foarnamme: ['i:fə], "iife"; Carrick-on-Suir, 1966) is in Iersk sjongster en muzikante dy't har benammen taleit op it meitsjen fan folksmuzyk en Keltyske muzyk. Hja is de dochter fan Bobby Clancy (1927-2002), in legindaryske Ierske folksmuzikant.

Libben en karriêre

Clancy waard yn 1966 berne yn Carrick-on-Suir, in lytse plakje yn it Ierske greefskip Tipperary, as de dochter fan folksmuzikant Bobby Clancy en dy syn frou, skoaljuffer Moira Mooney. Hja hat in âldere suster, Roisin (1966), in jongere suster, Aideen (1979), en in jonger broer, sjonger Finbarr Clancy (1970). Har heit, dy't sels grutte faam wûn hie as ien fan 'e Clancy Brothers, stoppe har mei tsien jier in gitaar yn 'e hannen, en tsjin 'e tiid dat se fjirtjin jier wie, begelate se him dêrop by optredens yn kroegen yn 'e wide omkriten. Letter ferfear Clancy nei de Ierske haadstêd Dublin, dêr't se toaniel studearre oan 'e Gaiety School of Acting.

Nei har earste jier dêre krige se fia har heite kunde in útnûging om in jier mei op toernee yn Austraalje. Hja trede dêr op by festivals en konserten en dielde it poadium mei guon fan Ierlâns grutste artysten, wêrûnder Christy Moore en de Furey Brothers. Letter gie se ek op toernee mei de Clancy Brothers troch it Karibysk Gebiet, en yn 'e Feriene Steaten stie se û.m. op it Milwaukee Irish Festival yn Milwaukee (Wiskonsin). Yn 1995 waard Clancy frege om lid te wurden fan 'e band Cherish the Ladies, ien fan 'e populêrste Iersk-Amerikaanske groepen ea. Sadwaande gie se yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren allegeduerigen op toernee yn 'e Feriene Steaten en ek yn Jeropa, wêrby't se meiwurke oan likernôch twahûndert konserten jiers.

Yn dyselde snuorje brocht Clancy har beide earste solo-cd's út by plateprodusint Rego Records. Op har debút-cd It's About Time, út 1994, fertolke se û.m. ferskate tradysjonele Ierske lieten, wêrûnder Factory Girl en Mrs. McGrath, mar liet se ek nijer wurk hearre. Op har twadde album, Soldiers and Dreams, út 1997, besocht se tradysjonele en moderne folksmuzyk mei-inoar te kombinearjen. Yn 2002 kaam Clancy har trêde album út by Appleseed Recordings, mei as titel Silvery Moon. Dêrop song se de titelsong Silvery Moon, en fierders û.m. it gefoelige The Nightbird en it tragyske The Earl of March's Daughter.

Diskografy

  • 1994 – It's About Time
  • 1997 – Soldiers and Dreams
  • 2002 – Silvery Moon

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hitchner, Earle, Bobby Clancy dies at 75, yn: Irish Echo, 11-17 sept. 2002

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Menu Aoife Clancy

Basics

Introduction

Libben en karriêre

Diskografy

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Lists

Also Viewed

Lists
Aoife Clancy is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Aoife Clancy
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes