peoplepill id: anny-de-jong
ADJ
Netherlands
1 views today
1 views this week
The basics

Quick Facts

Intro
Dutch poet
Work field
Gender
Female
Birth
Place of birth
Tjerkwerd, Súdwest-Fryslân, Friesland, Netherlands
Age
78 years
The details (from wikipedia)

Biography

Anny de Jong (Tsjerkwert, 2 augustus 1946) is in Frysk skriuwster út Kollum. Nei de kristlike kweekskoalle yn Snits waad se fiif jier ûnderwizeres yn Gaasterlân en gie doe nei in skoalle yn Bûtenpost.

Dichteres

Nei har ûnderwizersoplieding begûn Anny de Jong mei de stúdzje MU-Frysk. Se skreau yn dy tiid al gedichten en waard oantrune troch Freark Dam om troch te gean mei dichtsjen. Har earste fers waard publisearre yn De Strikel (1971), in jier letter siet se al yn de redaksje fan it blêd. Har earste dichtbondel Flinterfyn flues fan wearde kaam út yn 1981. Har fersen hawwe gauris in wat tryste melangolyske ynslach. Njonken Freark Dam hat noch in oare Fryske dichter har ynspirearre, Sybe Sybesma. Foar de Fryske dichter Sybe Sybesma skreau hjahar twadde bondel Nettsjinsteande.

Berneboeken

Fynt se foar it skriuwen fan gedichten benammen ynspiraasje yn persoanlike ûnderfinings, it skriuwen fan in berneboek is foar har in kwestje fan dissipline en nocht oan skriuwen hawwe. Har earste berneboek Fytmannefiten ferskynde yn 1984 by de Koperative Utjouwerij. It twadde berneboek fan har hân, Eagenblikje, wie it resultaat fan in gearwurkingsprojekt mei de skriuwers, Janny Vledder, Riemkje Pitstra en Jan Schotanus. It fjouwertal wie fierder en de útkomst wie in rige boeken mei in froulike speurder, Mentha Minnema, yn de haadrol. Tusken 1990 en 1998 binne der acht titels ferskynd. Fan de oare fiif binne twa skreaun troch Riemkje Hoogland-Pitstra, en twa troch Jan Schotanus. Ien diel Gefaarlik spul foar Mentha Minnema, is troch de trije auteurs mei-inoar skreaun.

Yn 1989 skreau se it histoarysk berneboek It is foar de hearen, dat him ôfspilet yn har berteplak Tsjerkwert. It ferhaal spilet yn de lette midsiuwen yn de tiid fan de skelen tusken de Skieringers en Fetkeapers. Har lettere ferhalen spylje allegear yn dizze tiid. Trije kear wûn se de Sulveren Spjelde.

Ferskaat

Gedichten fan har ferskynden yn de Fryske Skriuwerskalinder, ek skriuwt De Jong gedichten foar Ferstifal, de jierlikse foardrachtskriich foar jongerein. Der ferskynt ek Nederlânsk wurk fan har. Sa skriuwt se oarspronklik Nederlânsk lyk as Een Ster van een hond (letter oerset yn it Frysk) mar set ek boeken fan har sels oer, bygelyks de Mentha Minnema-rige. By Utjouwerij Bekadidact wurket se mei oan de Klippersearje, in Nederlânsktalige searje foar bern mei lêsproblemen.

Bibliografy

Poezij

  • Flinterfyn flues fan wearde (1981)
  • Nettsjinsteande (1990)
  • Waarmte in wurd (2010)

Berneboeken

  • Fytmannefiten (1984)
  • Eagenblikje (1987)
  • Heechterp en it geheim fan de stien (mei oaren, 1987)
  • It is foar de hearen (1990)
  • Mentha Minnema en it hûnemystearje (1990)
  • Mentha Minnema en it hynstemystearje (1992)
  • Mentha Minnema en it kattemystearje (1998)
  • Swervel (1996)
  • Gefaarlik spul foar Menthe Minnema (mei R. Hoogland-Pitstra en J. Schotanus, 1997)
  • @pesturt (aksjeboek foar bern fan it Fryske Boek, 1998)
  • Mentha Minnema en het hondenmysterie (oersetting, 1997)
  • De hond met de dubbele naam (oersetting, 1997)
  • Hoofden op hol (1998)
  • Een paard met slappe benen (2001)
  • Spikergek2003 : De tsien fan Nynke fan Hichthum (2002)
  • Een Ster van een hond (2004)
  • Help… in hûn (oersetting fan Een Ster van een hond, 2005)
  • Mentha Minnema en it hûnemystearje (audioboek, foarlêzen troch de skriuwer, 2007)
  • Mentha Minnema en it kattemystearje (audioboek, foarlêzen troch de skriuwer, 2007)
  • Gefaarlik spul foar Menthe Minnema (audioboek, foarlêzen troch Jan Schotanus (mei R. Hoogland-Pitstra en J. Schotanus, 2007)
  • Mentha Minnema en it hynstemystearje (audioboek, foarlêzen troch de skriuwer, 2008)
  • Spikergek (audioboek, foarlêzen troch de skriuwer, 2008)
  • Yslik aktyf (Traveliers rige, 2009)
  • In flitsend hûntsje (Traveliers rige, 2010)
  • Spoaren (Traveliers rige, 2012)

Ferskaat (meiwurke oan)

  • Hofkesjonge (mei oaren, blomlêzing foar fuortset ûnderwiis, 1984)
  • Broei (mei oaren, ferhalen foar jongerein, 1991)
  • It Nachtboek (mei oaren, ferhalen, 1991)
  • De fersierde krystbeam (mei oaren, sammelbondel, 1995)
  • In hânfol geiten en oare ferhalen (1995)
  • Neibroei (mei oaren, ferhalen foar jongerein, 1999)
  • Fiif dogeneaten yn in sok ( mei oaren, fersen foar Diet Huber en alle oare Fryske bern, 2004)

Foar folwoeksenen

  • Fryske misdiedferhalen (mei oaren, 1991)
  • Knyflok en Reidmannen (mei oaren, 1994)
  • 18 Fryske fakânsje ferhalen (1996)
  • 16 Fryske winter ferhalen (1997)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Menu Anny de Jong

Basics

Introduction

Dichteres

Berneboeken

Ferskaat

Bibliografy

Boarnen, noaten en referinsjes

Gallery (1)

Lists

Also Viewed

Lists
Anny de Jong is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Credits
References and sources
Anny de Jong
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes