Anny Bosma-Banning
Quick Facts
Biography
Anny Bosma-Banning (Wynjewâld, 23 oktober 1913 – Drachten, 24 febrewaris 2008) wie in Frysk leararesse en ûntwikkelster fan Fryske learmiddels. Hja stie oan 'e widze fan 'e kursussen Frysk foar net-Frysktaligen, en naam yn 1969 de kursus Bûter, Brea en Griene Tsiis op.
Libben en karriêre
Anny Banning waard yn 1913 berne yn Wynjewâld. Nei har trouwen mei Jan Bosma, yn 1935, sette it pear him yn Drachten nei wenjen. Dêr kaam Banning yn it bestjoer fan 'e pleatslike Fryske Krite en waard se haadbestjoerslid fan it Ald Selskip. Under de Twadde Wrâldoarloch die se in protte oan toaniel. Nei de oarloch helle se de Fryske Akte foar it leger ûnderwiis by Douwe Kalma thús. Doe't har yn 'e 1950-er jierren in protte nijynkommelingen fan bûten de provinsje yn Drachten fêstigen, fanwegen de wurkgelegenheid dy't it Philips-fabryk dêr bea, ûntjoech Bosma-Banning har ta in pionier op it mêd fan it fersoargjen fan kursussen Frysk foar net-Frysktaligen.
Op oantrún fan haadredakteur Freark Dam skreau se in rige taallessen dy't ôfprinte waarden yn 'e Drachtster Krante. Neitiid makke se op fersyk fan 'e RONO in radiokursus Frysk en dêrnei ek in kursus dy't publisearre waard op grammofoanplaten. Dy kursus krige de namme Bûter, Brea en Griene Tsiis, en waard yn 1969 opnommen yn Olterterp, yn it lettere ûnderkommen fan it Fryske Gea. Oanslutend op har kursus Frysk foar begjinners soarge Bosma-Banning ek foar ferfolchkursussen op lokaasje, dy't bedoeld wiene om 'e meidoggers te stimulearjen en oefenje har Fryskpraten. Ien fan Bosma-Banning har learlingen wie de doetiidske boargemaster fan Smellingerlân, Willem Ernest baron van Knobelsdorff.
Nei't se yn 1961 ek de Fryske Akte foar it middelber ûnderwiis helle hie, folge Bosma-Banning Geale de Vries op as dosint Frysk oan 'e Ryks-HBS te Ljouwert. Fan 1968 ôf joech se ek Frysk en Nederlânsk oan it lyseum op it Hearrenfean. Fierders joech se ek kolleezjes Frysk foar net-Friezen oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Mei Geale de Vries stalde Bosma-Banning in blomlêzing gear foar de leechste klassen fan it middelber ûnderwiis, mei as titel Maskelyn. Tegearre wiene hja ek de driuwende krêft efter de foardrachtswedstryd Ferstival, dy't doedestiden op jierlikse basis holden waard yn 'e Lawei te Drachten.
Bosma-Banning wie alhiel twer fan 'e Steatestavering dy't yn 1980 op in neffens har ûnfatsoenlike wize ynfierd waard. Yn 1999 wurke se op fersyk fan FNP-gemeenteriedslid Repke Hollema, dy't har betitele as "la grande dame fan it Frysk", mei oan in opfriskursus Frysk foar de lokale omrop fan Smellingerlân. Doe't in Hollanner har ris frege hoe't er sa fluch mooglik Frysk leare koe, rette hja him oan om mei in Frysktalige frou te trouwen. Anny Bosma-Banning ferstoar op 24 febrewaris 2008 yn har wenplak Drachten, yn 'e âlderdom fan 94 jier.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |