Allard Elout
Quick Facts
Biography
Allard Elout (Hengelo, 1949) is in byldzjend keunstner dy't wennet yn Rotstergaast. Hy is opgroeid yn Swol en krige syn earste tekenlessen fan syn heit en letter fan de Staphorster skilderes Stien Eelsingh en fan Piet Zwiers. Nei de boskwachtersskoalle yn Apeldoorn studearre er túnarsjitektuer yn Frederiksoard. Dêrnei hat er in hiel soad ferskillende banen hân.
Yn 1976 studearre er oan de keunstakademy Vredeman de Vries en slagge mei ûnder mear de eksamenfakken fotografy, silkscreen en oaljefervetechniken. Ien fan dy techniken is de klassike harsoalje-glasistechnyk. Hjirby wurde trochskinende kleureffekten. Neist natuerbelibjen, earst benammen de kleuren mar letter it ljocht, is ek muzyk in ynspiraasjeboarne. Hy ûntwerpt platehoezen en skildert dekors. Yn in trochgeand projekt hat er jierren efterelkoar strânpaviljoen Peal 3 op Skiermûntseach opskildere.
Yn de njoggentiger jierren hie er in grutte oersjochtentoanstelling yn museum Willem van Haren op It Hearrenfean. De lânlike oandacht dy't er krige soarge lykwols dat der in pear jier net folle út syn hannen kaam. De lêste jierren leit Allard him wer ta op it skilderjen mei oaljefervetechniken. Yn de simmer fan 2008 eksposearre Elout mei in tal oare Nederlânske Konstruktivisten by de Sint Joseph Galery yn Ljouwert.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |