peoplepill id: adam-westerman
schrijver
Adam Westerman
The basics
Quick Facts
The details (from wikipedia)
Biography
Adam Westerman, as Adamus Westermannus (Haisfeld (East-Fryslân), ? - 1635) wie in Fryske dûmny.
Hy studearre sûnt 1597 teology oan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy wie predikant yn Gaast (1600), Starum (1602), Easterlittens (1616) en Warkum (1619-1635).
Westerman wie de skriuwer fan it stichtlike boek de (Groote) Christelijke Zee-vaart, ornearre foar seelju ûnderweis, dat totaal sa'n tritich kear fannijs printe waard. Westerman warskôge yn dat wurk ûnder oaren foar "byleauwigens, frjemde froulju, drank en tabak". It grutste part fan it boek foarmje de 26 preken, dêr't út bliken docht dat Westerman in fertsjintwurdiger wie fan de Fierdere Reformaasje.
Wurk
- (Groote) Christelyke Zeevaart, In XXVI. Predikatien, In maniere van een Zee-postille. In wellien een Schipper Koopman.
Literatuer
- W.J op 't Hof, Adamus Westermannus als piëtist: zijn boekenbezit en invloed yn Documentatieblad Nadere Reformatie XXIV (s. 99-108) 2000.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article.
The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Adam Westerman is in following lists
By field of work
By work and/or country
comments so far.
Comments
Adam Westerman