peoplepill id: ab-hofstee
AH
Netherlands
1 views today
1 views this week
Ab Hofstee
Dutch actor

Ab Hofstee

The basics

Quick Facts

The details (from wikipedia)

Biography

Ab Hofstee (Kampen, 11 oktober 1919 – Amersfoort, 14 novimber 1985) wie in Nederlânsk akteur en sjonger.

Biografy

Ab Hofstee syn karriêre begûn al doe't er tsien wie, fanwegen syn retoaryske kwaliteiten. Hy mocht lid wurde fan de Kamper Rederikers. Ek die bliken dat er moai Weenske lietsjes sjonge koe.
Tegearre mei Siny Mooten foarme Ab it Duo Salberti en fertsjinne dêrmei genôch om troch de tiid te kommen. Ek spile er mei yn de toanielstikken De Jantjes en Rooie Sien fan it Volkstoneel fan Beppie Nooij sr. Op telefyzje waard Ab lanlik bekend fan syn rol as Boer Voorthuizen yn de KRO-searje Stadhuis op Stelten.
Hofstee die ek mei oan ferskate oare telefyzjerigen. Yn Oebele hie er de rol fan Paulus de Postbode en yn Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer? fertolke er de rol fan Hildebrandt Brom, stedsratteler, fereale op Brechtje, de húshâldster fan de boargemaster. Op de KRO-telefyzje wie er te sjen yn it amusemintsprogramma Mik, in lietsjesprogramma út in ta buorkerij omboude tf-studio wei. Fêste meidoggers wiene de Boertjes van Buuten mei Kees Schilperoort (as Gait-Jan Kruutmoes) en Anny Palmen (as Drika) en Ab Hofstee yn de rol fan Boer Voorthuuzen.

Hofstee spile ek in rol yn de AVRO telefyzjerige Hollands Glorie (1977) en yn de spylfilm Pinkeltje (1978). Yn de iere jierren 60 makke er platen ûnder it pseudonym Jukebox Johnny. Nei in libbenlang wurkjen yn it schnabbelsirkwy, op toaniel, radio en telefyzje, rekke er wei yn 1985 yn de âldens fan 66 jier.

Keppelings om utens

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.
Lists
Ab Hofstee is in following lists
comments so far.
Comments
From our partners
Sponsored
Ab Hofstee
arrow-left arrow-right instagram whatsapp myspace quora soundcloud spotify tumblr vk website youtube pandora tunein iheart itunes