Biography
Gallery (1)
Lists
Also Viewed
Quick Facts
Intro | Dutch novelist | |
Places | Netherlands | |
is | Writer Novelist | |
Work field | Literature | |
Gender |
| |
Birth | 15 August 1943, It Heidenskip, Súdwest-Fryslân, Friesland, Netherlands | |
Age | 81 years | |
Star sign | Leo |
Biography
Willem Tjerkstra (It Heidenskip, 15 augustus 1943) is in Frysk skriuwer.
Biografy
Willem Tjerkstra is op 15 augustus 1943 berne as soan fan Bernardus Tjerkstra en Jacoba Fortuin, op It Heidenskip, op it skûtsje De twee gebroeders. Op syn 10e ferhuze er nei Terherne. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer. Oan't 1989 wie er aktyf as direkteur/ûnderwizer; it langst stie er oan basisskoalle De Ark yn Snits. Yn 1989 kaam er yn tsjinst fan It Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding Fryslân yn Ljouwert, dêr't er him ta lei op it skriuwen fan Frysk lesmateriaal en fierder einredakteur wie fan Byntwurk en stikken levere oan de learlingeblêden Sjedêrrr!!! en De Holder.
Boekeskriuwer
Yn 1986 debutearre Tjerkstra mei it histoaryske jongereinboek De wite kastanje. Yn syn wurk binne twa tema's dy't faak werom komme: minsken mei maatskiplike problemen en de Twadde Wrâldkriich. Yn sawat alle wurk pleatst Tjerkstra saken yn in histoarysk ramt. Yn 1996 makke hy tegearre mei tekener Luuk Klazenga it earste oarspronklik Frysktalige stripboek yn kleur: De reizen fan Tsjam. Yn 2003 is him foar de trijedielige histoaryske roman Ridder fan Snits de Gysbert Japicxpriis takend.
Bibliografy
Romans
- Bline mosken (ferhalebondel, 1991)
- Finzen yn bylden (1992)
- Ridder fan Snits, diel I - Rom (1999)
- Ridder fan Snits, diel II - Skuld (2000)
- Ridder fan Snits, diel III - Boete (2001)
- Snijpunten (2002)
- Dokslepers (2005)
Berneboeken
- De wite kastanje (jongereinboek, 1986)
- It fjoer fan de ûnmacht (jongereinboek, 1987)
- De marsbosk (jongereinboek, 1989)
- De oaljespinnen (1993)
- De rie fan fjirtjin (jongereinboek, 1995)
- De reizen fan Tsjam (stripboek, 1996)
- De Alvestêdetocht fan Tsjam (stripboek, 1996)