Biography
Lists
Also Viewed
Quick Facts
Biography
Willem Bultman (Oldebroek, 13 july 1951) is in learaar en byldzjend keunstner út Oldebroek. Hy studearre yn 1995 ôf as learaar Tekenjen en Skilderjen oan hegeskoalle Windesheim yn Swol.
Hy wurket sûnt dy tiid as selsstannich keunstner en jout teken- en skilderlessen yn syn atelier. Syn romtlike wurk bestiet faak út brûns. It skilder- en tekenwurk hat faak lânskippen, blommen, portretten en stillibbens as tema. Syn tema's fynt er yn it gewoane libben mei syn emoasjes en gefoelens. Tsjinstellings as libben en dea, goed en kwea binne dan ek faak it tema. Syn wurk hat boppedat faak in sterk ljocht-tsjuster kontrast, it measte wurk is figuratyf. Ek libbenssyklussen as de seizoenen spylje in grutte rol. Syn ûnderwerpen binne benammen stillibbens, lânskippen en minsken yn in ynterieur.
By skilderijen wurket er meast yn oaljeferve op doek of paniel. Syn brûnzen bylden hawwe faak minsken as tema.
Willem Bultman wurdt ynspirearre troch de Amsterdamske Skoalle skilders as Breitner en Israëls. Mar ek lettere skilders as Verwey en de hjoeddeiske skilder schilder Matthijs Röling.
Eksposysjes fan syn wurk wienen te sjen yn 'De Elborgh' yn Elburg, 'Freek Berends' yn Ychten, 'Partout' yn Gouda en It Riedhûs yn Eenrum (Gr.).