Wilco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

1664 Holdingastate - 4 Feb 1704
The basics

Quick Facts

Intro1664 Holdingastate - 4 Feb 1704
PlacesNetherlands
wasPolitician
Work fieldPolitics
Gender
Male
Birth1664, Eanjum, Dongeradeel, Friesland, Netherlands
Death4 February 1704 (aged 40 years)
Family
Mother:Helena Maria thoe Schwartzenberg
Father:Georg Wilco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
Children:Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg Jan Sicco Tjalling Camstra, Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
The details

Biography

Wilco baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Eanjum, 1664 - mooglik Rinsumageast, 4 febrewaris 1704) wie mei-frij- en erfhear fan It Amelân en grytman

Wilco waard berne op Holdingastate as soan fan Georg Wilco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg en fan Helena Maria thoe Schwartzenberg. As jonkje krige er in militêre oplieding, en krige de rang fan luitenant-kolonel. Mei syn beide susters wie hy eigener fan de hearlikheid It Amelân. Op 18 july 1689 waard hy grytman fan Barradiel, en wenne op de Eysingastate yne Rinsumageast, dy't er opknappe liet. Wilco hie in sit yn alle hege kolleezjes. Sa wie hy fan 1695 oant syn ferstjerren lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Fan 1700 ôf wie hy lid fan de Provinsjale Rekkenkeamer fan Fryslân. Op 26 april 1686 troude hy yn Doanjum mei Fedt Sophia fan Goslinga (1660-1726), in dochter fan Johan fan Goslinga, grytman fan Frjentsjerteradiel en Fed Sophia fan Cammingha. Se krigen fjouwer bern, wêrûnder Georg Wolfgang, Jan Sicco en Michael Onuphrius. Hy ferstoar fjirtich jier âld op 4 febrewaris 1704, mooglik yn Rinsumageast.

Sjoch ek

  • thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Boarnen, noaten en referinsjes

The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 11 Jul 2024. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.