Syde van der Ploeg

The basics

Quick Facts

PlacesNetherlands
Gender
Male
Birth1975, Dokkum, Netherlands
Age50 years
The details

Biography

Syde van der Ploeg (Dokkum, 1975) is in Frysk dirigint. Op syn achtste begûn er kornet te spyljen by brassband Ere zij God yn syn destiidske wenplak Damwâld. Koarte tiid letter stapte hy oer op eufoanium.

Op it Grinzer konservatoarium studearre hy eufoanium by Anne Travaille. Yn 1999 slagge er foar it diploma 'Dosearjend Musikus'. Yn dizze tiid die er in soad ûnderfining op by it Ljouwerter Soli Deo Gloria (yn 2018: SoliBrass).

Hjirnei folge Van der Ploeg oan itselde konservatoarium de oplieding HaFaBra-direksje by Tijmen Botma. By dy oplieding folge er masterclasses by ûnder oaren David King, Jan de Haan, Eugène Corporon, Ian Porthouse en Ivan Meylemans.

Yn syn stúdzjetiid begûn er as dirigint by brassband De Bazuin yn Donkerbroek. Dêrnei stie hy foar fanfare Melodia út Wikel, brassband ‘Looft den Heer’ yn Garyp en Brassband Euphonia fan Wolvegea.

Neist dirigent fan it Frysk Jeugd Fanfare Orkest is Van der Ploeg yn 2018 ek dirigint fan brassband Breukelen en fanfare De Vrije Fries yn Aldhoarne. Boppedat is hy noch dirigint fan in tal jeugdorkesten fan ferienings en wurket er as dosint by Sintrum foar keunsten & Ritmyk.

Dêrneist spilet er Euphonium by de fanfare De Bazuin yn Tsjummearum.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 01 Jan 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.