Swaantsje Monderman

The basics

Quick Facts

wasPoet
Work fieldLiterature
Gender
Female
Birth29 December 1928
Death13 December 2007 (aged 79 years)
Star signCapricorn
The details

Biography

Swaantsje Monderman, alias Swaantsje Duursma (Weinterp, 29 desimber 1928 - Burgum, 13 desimber 2007), wie in Frysk dichteresse. Hja waard bekend foar it ferstjerren fan har earste man Haitze Duursma doe't hja noch Swaantsje Duursma-Monderman hiet. Letter boaske hja oan Harm Zeinstra. Swaantsje Duursma is lykwols har skriuwersnamme bleaun.

Swaantsje skreau fan jongsôf ferzen en gelegenheidswurk at it har frege waard. Yn 1983 stie der in fraachpetear fan Froukje Annema mei Swaantsje Duursma-Monderman yn Frysk & Frij en doe rekke hja earst wat mear bekend. Op oanstean fan Annema sammele se materiaal foar in bondel, dat waard Foar dei en foar dage. Swaantsje Duursma har wurk is tige tagonklik, hja brûkt ienfâldige taal. Har ynspiraasje fûn se yn de natoer en yn har kristlik leauwe.

Hja publisearre fersen yn 'e Friesche Koerier (al yn de jierren 1950), De Friesche Kerkbode, Fryske Skriuwerskalinder, Frysk en Frij en de Ljouwerter Krante en der binne ferskate dichtbondels fan har publisearre.

Wurk

Poëzy:

  • 1985 : Foar dei en foar dage
  • 1987 : Der stiet in spylman foar ús doar
  • 1991 : Skientme rûnom
  • 1995 : It gers dat bloeit
  • 1998 : Dizze dei
  • 2000 : Reiden oan ’e stream : fersen
  • 2002 : Zegen op zegen : ferzen
  • 2007 : Blide oeren : hûndert fersen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Skriuwersportret Tresoar
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 24 Jul 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.