Biography
Lists
Also Viewed
Quick Facts
Biography
Sjoerd Folkert van Hasselt (Arnhim, 1 febrewaris 1809 - De Haach, 6 maart 1881) wie in herfoarme predikant.
Hy wie in soan fan Barthold Theodorus Wilhelm fan Hasselt, direkteur fan de post, en pakesizzer fan Johan fan Hasselt, boargemaster fan Sutfen. Van Hasselt studearre teology yn Grins. Dêrnei waard er predikant yn Wommels (1834), Zuidwolde (Drinte) (1839) en op 22 maaie 1849 yn Snits. Yn 1859 gie er mei emeritaat om reden fan sy beneaming ta sekretaris fan de Algemiene Synoade fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke in fuksje dy't er oant syn dea yn 1881 hâlde soe.
Van Hasselt hearde ta de frijsinnige tûke fan de Herfoarme Tsjerke. Hy krewearre foar hielûnthâlding en wie yn de synoade in fûl ferdigener fan it rjoch fan de Fryske floreenplichtigen.
Van Hasselt boaske 1836 yn Grins mei Dorothea Lydia Louisa van der Loeff (1816 - 1894).
Wurk
- De Ned. Vereen. tot afsch. v.d. sterken drank aangeprezen (Snits 1853);
- Afscheidsrede (Snits 1859);
- Het eenig streven van den echten Evangeliedienaar (De Haach 1895);
- Verslag v.d. Secretaris der synode omtrent .... reorganisatie van Kerk en Kerkbestuur (De Haach 1874).
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Hasselt, Sjoerd Folkert van.
|