Biography
Lists
Also Viewed
Quick Facts
is | Politician | |
Work field | Politics | |
Gender |
|
Biography
Rinke Reitsma (Drylts, 21 desimber 1893 – Ljouwert, 19 febrewaris 1954) wie in Fryske politikus.
Hy waard berne as soan fan feehâlder Douwe Reitsma (1867-1931) en Elisabeth Zandstra (1868-1932). Hy wurke earst lykas syn heit yn 'e lânbousektor. Hy gie lykwols yn 1920 as folontêr te wurkjen by de gemeente Snits en fan 1924 ôf wie er as adjunkt-kommys wurksum by de gemeentesekretary fan Wûnseradiel. Trije jier letter waard er de gemeentesekretaris fan Drylts en wer trije jier letter folge syn beneaming ta gemeentesekretaris fan Oegstgeest.
Reitsma gie yn 1939 werom nei Fryslân yn ferbân mei syn beneaming ta boargemaster fan de gemeente Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde. Fan 1945 ôf wie hy de boargemaster fan Wûnseradiel dêr't er Jan Dijkstra opfolge.
Under dat amt ferstoar er yn 1954 yn de âldens fan 60 jierop yn it Diakonessehûs yn Ljouwert.
Keppeling om utens
- Rinke Reitsma by historisch.koudum.nl, mei foto's.