Rene Tweehuysen

Dutch painter
The basics

Quick Facts

IntroDutch painter
PlacesNetherlands
isPainter
Work fieldArts
Gender
Male
Birth12 January 1957
Age68 years
Star signCapricorn
The details

Biography

René Tweehuysen (Utert, 1957) is in keunstskilder fan portretten en lânskippen. Sûnt 1999 wennet de skilder mei syn húshâlding yn Aldebiltsyl.

Wurken fan portretskilders lykas Rembrandt en Vermeer, mar ek Piet Mondriaan en Mark Rothko meitsje in soad yndruk op him. Tweehuysen studearret fan 1978-1983 oan de Keunstakademy ARTIBUS yn Utert. Mei troch bestudearjen fan skildersmanuskripten út de 16e en 17e iuw ûntwikkelt er in eigen styl. Hy brûkt dêrby ek faak âlde skildertechniken.

De wurking fan ljocht en it meitsjen fan komposysjes fan portretten foar alde ynterieurs moatte foar him in wikselwurking krije. It klaailânskip fan It Bilt en de Waadsee binne ek in boarne fan ynspiraasje. Benammen in linespul tusken strakke foarmen yn wikselwurking mei reliëf en de prachtige loften binne ûnderwerpen yn it (Land-Art) wurk fan Rene Tweehuysen. Syn wurk is dan ek faak te sjen by tentoanstellings oer lânskippen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 10 Sep 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.