Pyt van der Zee

The basics

Quick Facts

PlacesNetherlands
Gender
Male
Birth1915, Stiens, Leeuwarderadeel, Friesland, Netherlands
Death1998Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands (aged 83 years)
The details

Biography

Pieter (Pyt) Johannes Cornelis van der Zee (Stiens, 1915 - Ljouwert, 1998) wie in toanielregisseur en adviseur by de NATU (letter Nederlânsk Sintrum Amateurtoaniel) sûnt 1960. Teffens wied er de earste artistyk lieder fan Tryater. Hy wie troud mei oersetster Tryntsje van der Zee, en wie fan berop frouljuskapper te Stiens. Nei him is de Pyt van der Zee-priis neamd. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt oan ien dy't in soad docht foar it amateurtoaniel. Yn 1987 wûn Van der Zee de dr. Obe Postmapriis. Hy joech ek kursussen en les oer toaniel, regisearre en makke oersettings fan ûnder oaren Arthur Miller, August Strindberg en Tennessee Williams.

Rezjy (in kar)

Oersettings (in kar)

allinnich
  • 1982 - De Les (nei La Leçon, fan Eugène Ionesco)
yn 'e mande mei Tryntsje van der Zee
  • 1992 - It Kersehôf (nei Višnevyj, fan Anton Tsjechov)
  • 1994 - De Mieu (nei Čajka, fan Anton Tsjechov)
  • 1998 - De Dea fan in Hannelsreizger (nei Death of a Salesman, fan Arthur Miller)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. Abma, Kl. Jansma en oaren (red.), Encyclopedie van het hedendaagse Friesland, Ljouwert: M.A. van Seijen 1975, Zee, Pieter Johannes Cornelis van der.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 09 Jul 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.