Passchier Hendriks Bolleman

The basics

Quick Facts

wasBusinessperson
Work fieldBusiness
Gender
Male
Birth1585
Death1655 (aged 70 years)
The details

Biography

Passchier Hendriks Bolleman (De Haach, ± 1585 - Noarder Drachten, 1655) wie in keapman út De Haach. Hy wie troud mei Janneke Willems van Beest en letter mei Geertruydt van Lanensbergh.

Hy wenne yn Drongelen (Noard-Brabân) en De Haach en hie ferskate beroppen: doarwarder, pachter fan brandewyns aksyns en sollisiteur.

Op 5 oktober 1641 sleat er in oerienkomst mei de ingesetenen van Suider- en Noorderdrachten foar it graven fan in skipsleat tusken it Smeliester Sân oant yn it heechfean mei in dwersfeart, de Noarder- en Suderdwersfeart. It joech him it rjocht om turf te winnen út de feanen beëasten beide doarpen. De feanarbeiders kamen te wenjen oan de nije Drachtster Feart. It soe de oanset wurde ta it ûntstean fan Drachten. Yn 1648 wurdt in kontrakt opsteld troch Johannes fan Crack, Saco Fockens, Jacob fan Runia as man fan Amerentia fan Oenenma, Asswerus fan Vierssen as kurator fan Catharina fan Oenema en Saco Teyens ta it graven fan dizze Drachtster Feart. Hy liet twa fallaten bouwe, it Bûtenst- en it Buersterferlaat (de slûs Noardkade). Bolleman tocht ryk te wurden mei de ûntsluting fan de heechfeanen, mar gie der úteinlik oan fallyt. Al yn 1646 joech er syn soan Hendrik in folmacht oer syn saken yn Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dragtsma. B - Passchier Hendriks Bolleman (De Stelling, 87-13, 2004)
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 24 Jul 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.