Otto Derk Jan Roemeling

The basics

Quick Facts

Gender
Male
Birth1937
Age88 years
The details

Biography

Otto Derk Jan Roemeling (Beetstersweach, 30 novimber 1937 - Hurdegaryp, 23 april 2017) wie in histoarikus en genealooch.

Karriêre

Roemeling studearre ekonomy en waard yn Ljouwert direkteur fan in sikehûs, mar hie yn eigen tiid in soad niget oan histoarysk ûndersyk.

Al yn 'e jierren 1960 en 1970 mocht er graach ynformaasje oer de midsiuwske tsjerken yn 'e trije noardlike provinsjes ûndersykje. Benammen patroanhilligen en preesters hiene syn omtinken. Alle ynformaasje waard troch Roemeling yn Latynske, Aldfryske en Aldnederlânske boarnen neigien.

Hy skreau dêr in tal artikels oer en nei syn pensjoen wurke er it sammele materiaal út yn it proefskrift Heiligen en Heren. Studies over het parochiewezen in het Noorden van Nederland vóór 1600, dêr't er ein 2013 yn Leien op promovearre.

Roemeling wurke dêrnei oan it digitalisearjen fan syn wurk. Hy slagge der yn om dat foar de provinsjes Grinslân en Drinte ôf te meitsjen, mar fanwegen syn hommels ferstjerren yn 2017 waard syn wurk foar Fryslân troch oaren ôfmakke en op 19 oktober 2019 presintearren de Fryske Akademy en de Stichting Oude Groninger Kerken it nije webstee yn 'e Hippolytustsjerke fan Middelstum mei alle sammele ynformaasje fan Roemeling.

De side ynformearret oer de patroanhilllige, de skiednis fan 'e tsjerke, jout gegevens oer de pastoars fan de doe bekende parochy's en giet nei de reformaasje noch in pear dessenia fierder mei de nammen fan de earst bekende dûmny's.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 29 Oct 2024. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.