Nico Dros

Dutch writer
The basics

Quick Facts

IntroDutch writer
A.K.A.Nico Willem Dros
A.K.A.Nico Willem Dros
PlacesNetherlands
isWriter
Work fieldLiterature
Gender
Male
Birth7 March 1956, Netherlands
Age68 years
Star signPisces
The details

Biography

Nico Dros (folút Nico Willem Dros; Harkebuert (Teksel), 7 maart 1956) is in Nederlânsk skriuwer fan koarte ferhalen, romans en essay's. Teffens hat er ferskate skiedkundige wurken publisearre oer útinoar rinnende ûnderwerpen as de leansûntjouwing yn Nederlânsk-Ynje en it kristlik fûnemintalisme yn Nederlân, en is er aktyf as dichter yn syn memmetaal, it dialekt fan it Noardhollânske Waadeilân Teksel.

Nei in stúdzje skiednis oan 'e Frije Universiteit yn Amsterdam wie Dros ferskate jierren wurksum op it mêd fan histoarysk ûndersyk foar û.m. it Keninklik Ynstitút foar de Tropen en de Frije Universiteit. Hy joech lykwols dat wurk deroan om him ta te lizzen op it skriuwen fan fiksje. Yn 2002 rjochte er, tegearre mei de dichter en essayist Arie van den Berg, de Skriuwersfakskoalle Amsterdam op. Sûnt is er ien fan 'e dosinten oan dy oplieding.

Wurk

proaza
  • 1988 – Familiezaken (koart ferhaal)
  • 1991 – Noorderburen (histoaryske roman)
  • 1994 – Familiezaken: Verhalen (ferhalebondel wêrfan't it titelferhaal earder yn 1988 publisearre wurden wie)
  • 1999 – Ter Hoogte van het Salsa-paviljoen (Bildungsroman)
  • 2006 – Dromen van de Bok (roman)
  • 2009 – Maagdenbloed (koart ferhaal)
  • 2012 – Oorlogsparadijs (roman)
poëzij
  • 2013 – Meike om Reeuw in te Bieten: Texelse Gedichten (dichtbondel)
non-fiksje
  • 1992 – Changing Economy in Indonesia, Vol. 13: Wages 1820-1940 (skiedkundich wurk)
  • 1997 – Een Bijbeldriftig Dorp (essay)
  • 2003 – Het Angstzweet der Kolonialen (histoaryske en letterkundige essay's)
  • 2010 – De Sprekende Slang: Een Kleine Geschiedenis van Laaglandsfundamentalisme (histoaryske stúdzje oer in tsjerkeskuorring en doarpsdrama resultearjend út in grifformearde synoade-útspraak yn 1926)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 21 Apr 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.