Biography
Lists
Also Viewed
The basics
Quick Facts
Places | Netherlands | |
is | Athlete Frisian handball player | |
Work field | Sports | |
Gender |
| |
Birth | 1951, Wommels | |
Age | 74 years |
The details
Biography
Minne Hovinga (Wommels, 1951) is in âld-keatser dy't fan 1970 oant 1984 op it heechste nivo by de KNKB spile hat.
Prizen
Yn de 14 jier dat aktyf wie as (reserve) 1e klasser, wûn hy 26 earste prizen. Hy waard 4 kear útroppen ta kening. Hovinga helle foar it ivich keatsklassemint meiïnoar 229 punten.
Funksje
Minne Hovinga begûn syn karriêre as opslagger, mar makke letter de stap nei it perk, dêr't er as efterynse syn grutste suksessen helle.
Klaverke Fjouwer
Fan it klaverke fjouwer wûn hy allinne de Jong Nederlânpartij. Dat barde yn 1972 foar syn bertedoarp Wommels mei as maten Piet de Jong en Pier Zijlstra. Fiif jier letter, yn 1977 helle Hovinga foar Wommels in twadde priis op de Bûnspartij.