Marius de Boer

Dutch singer
The basics

Quick Facts

IntroDutch singer
PlacesNetherlands
isSinger
Work fieldMusic
Gender
Male
Instruments:Voice
Birth19 January 1961, Stiens, Leeuwarderadeel, Friesland, Netherlands
Age64 years
Star signCapricorn
The details

Biography

Marius de Boer, as Mariusz (Stiens, 19 jannewaris 1961) is bekend wurden as sjonger en tekstskriuwer fan de band Reboelje.

Libben

Nei in tal jierren klassike pianoles keapet er op syn sechtjinde in elektryske gitaar. Hy is slach- en sologitarist en is boppedat sjonger by de New Waveband Elected. Nei syn HTS-stúdzje (Ferkearstechnyk) ferhuzet De Boer nei Assen. Hy krijt dêr wurk as akoestysk adviseur. Hy begjint dan ek te skriuwen, mei as earste de bondel 'De Dreade Man'. Dy is nea útjûn, mar is wol de basis foar syn skriuwen foar Reboelje. De earste albums fan Reboelje: 'Skepper fan de Skepper' en 'Magysk Theater' (basearre op it boek Steppewolf fan Herman Hesse) meitsje yndruk. It nûmer 'Sielesiik' fan Mariusz wurdt mei dtroch stipe fan Henk Westbroek en Jan Douwe Kroeske in Nederlânske culthit.

Reboelje krijt gjin platenkontrakt oanbean en Mariusz begjint it eigen platenlabel Marista, ornearre foar regionale artysten. Reboelje treedt in soad op, lykas twa kear Noarderslach en foar in '2 Meter Sessy' by Jan Douwe Kroeske. Yn 1995 skriuwt er it konsept foar it téaterstik 'De Brulloft'. Yn dat totaaltéaterstik komt by in echte brulloft it tema 'ynsest' oan'e oarder. It stik slacht sa oan dat Mariusz yn 1996 de Berlefpriis wint. Yn 2003 hâldt Reboelje op te bestean.

As Marius yn 2005 oerhelle wurdt om as singer/songwriter oan in benefytkonsert mei te dwaan, makket er lykwols dochs wer muzyk. Diskear ûnder de namme Mariusz. As pianist/gitarist ûntwikkelet Mariusz - live ûndersteund troch sequenzer - in unike singer/songwriter sound basearre op pop en underground. Hy skriuwt no ek yn it Stedsfrysk. Syn earste single is 'Spyt', dy't daliks de Fryske Top 100 fan alle tiden ynkomt. It Reboeljenûmer 'Marije Maria' wurdt yn dy list fan 2004 oant en mei 2007 keazen ta bêste Fryske nûmer fan alle tiden.

Diskografy

Singles

  • "Spyt / Do lêste leafde" (Marista, 2005)
  • "Sulveren wein / Yn Frijheid" (Marista, 2006)
  • "Wat west hat wie / Yn 'e dize" (Marista, 2007)
  • "Laat ut noait gebeure / Dêr stiet in frou" (Marista, MCD 7410, 2008)

CD

  • "Wat west hat wie" (Marista mcd 7327, 2007)
  • CD tegearre mei oaren: "Cohen in het Fries" (Foreign Media Music, 2008)

Keppelings om utens

The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 09 Jul 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.