Luitje de Goed

Dutch architect
The basics

Quick Facts

IntroDutch architect
A.K.A.L. de Goed
A.K.A.L. de Goed
PlacesNetherlands
wasArchitect
Work fieldEngineering
Gender
Male
Birth13 October 1853, Adorp, Winsum, Groningen, Netherlands
Death7 March 1926Beetsterzwaag, Opsterland, Friesland, Netherlands (aged 72 years)
Star signLibra
The details

Biography

Luitje de Goed (Adorp, 13 oktober 1853 - Beetstersweach, 7 maart 1926) wie in Nederlânsk arsjitekt fan Grinslânsk komôf.

Biografy

De Adelstsjerke

Luitje de Goed wie in soan fan timmerman Jakob Heines de Goed en Jantje Luitjes Braker. Hy wie 24 jier doe't er boaske oan Geertje van der Veen (1854-1938) Se krigen seis bern, dêr't fjouwer fan betiid ferstoaren, twa as lytse poppe en letter twa oan tuberkuloaze.

Yn 1878 waard De Goed polderopsichter fan de Grutte Feanpolder yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân.

Benammen foar de adel en pommeranten yn Beetstersweach ûntwurp er in oantal gebouwen, lykas teekoepels, wenten en pleatsen. In boerewent foar Fockensstate wie syn ûntwerp en alyksa de notariskoepel yn de tún efter it gemeentehûs.
De Goed syn meast bekende wurk is faaks de Adelstsjerke yn Ald Beets út 1889, dy't er ek fanwege de Beetstersweachske adel ûntwurp.

De Goed stoar yn de âldens fan 72 jier. Hy waard te hôf brocht yn Beetstersweach.

Boarnen, noaten en referinsjes

The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 11 Jul 2024. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.