Lucie Burgers

Dutch zoo director
The basics

Quick Facts

IntroDutch zoo director
PlacesNetherlands
wasBusinessperson
Work fieldBusiness
Gender
Female
Birth1898
Death1974 (aged 76 years)
The details

Biography

Lucie Burgers (folút: Lucia Elisabeth Burgers; yn Gelderlân, 1898 – Arnhim?, 1974) wie in Nederlânsk ûndernimster en de direktrise fan 'e Arnhimske dieretún Burgers' Dierepark.

Libben en karriêre

Burgers waard yn 1898 yn Gelderlân berne as de jongste fan 'e trije dochters fan Johan Burgers, de stifter fan Burgers' Dierepark. Se troude mei Reinier van Hooff (1893-1966), mei wa't se trije bern krige: soannen Antoon van Hooff en Jan van Hooff en dochter Johanna van Hooff. Yn 1939 namen Burgers en de man it bewâld oer de dieretún oer fan har heit.

Under de Twadde Wrâldoarloch en yn 't bysûnder troch de Slach om Arnhim, yn it neijier fan 1944, waard Burgers' Dierepark swier troffen. Twatrêde part fan it bistebeslach fûn dêrby de dea. It wiene Burgers en har man dy't nei ôfrin fan 'e oarloch fan 1945 ôf de dieretún wer opbouden. Begjin 1960-er jierren waard Burgers har man slim siik, en yn 1966 ûntfoel er har. Twa jier letter, yn 1968, droech se de lieding oer Burgers' Dierepark oer oan har soan Antoon en dy syn frou Greet.

Lucie Burgers kaam yn 1974 te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 76 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliografie, op dizze side.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 21 Jul 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.