Lieuwe fan Juckema

The basics

Quick Facts

isLawyer
Work fieldLaw
Gender
Male
The details

Biography

Lieuwe fan Juckema (berte- en stjerjier ûnbekend) wie de soan fan Werp fan Juckema († 9 febrewaris 1560) en Anna fan Mockema fan Ealsum. Hy hat troud west mei Tieth fan Burmania en wenne yn Rinsumageast.

Hy waard 4 maart 1585 ta riedshear yn it Hof fan Fryslân beneamd, wêrfoar't er op 30 augustus 1588 de eed op de nije ynstruksje ôf lei. Ut de justifikaasje, dy't de magistraat fan Ljouwert yn july 1598 oan de Deputearre Steaten oanbea oer it yn'e hechten set wurde fan de ûnearlike ûntfanger-generaal Taco fan Dyxtra, blykt dat hy in soad beskuldigingen tsjin dizze ûntfanger op de lândei foarsteld hat.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Winsemius - Chronyck van Vrieslandt, side 690
  • Naamrol der Raden 's Hofs van Friesland
  • Charterboek van Friesland IV, 1001 flg
  • Stamboek van den Frieschen Adel I, 236, II, 160.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 25 Jun 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.