Klaas Aartsma

Dutch playwright
The basics

Quick Facts

IntroDutch playwright
PlacesNetherlands
wasWriter Playwright
Work fieldFilm, TV, Stage & Radio Literature
Gender
Male
Birth4 March 1838, Berlikum, Menameradiel, Friesland, Netherlands
Death12 November 1874Berlikum, Menameradiel, Friesland, Netherlands (aged 36 years)
Star signPisces
Family
Children:Aart Aartsma
The details

Biography

Klaas Aartsma (folút: Klaas Aart Aartsma Asn.; Berltsum, 4 maart 1838 – dêre, 12 novimber 1874), wie in Frysk muzykûnderwizer en toanielskriuwer.

Aartsma wie in grut foarstanner fan it Fryske folkstoaniel en brocht benammen yn Menaam mei Hermanus Alma en S. Sybouts it selskip Nut en Genoegen ta grutte bloei. Hy skreau neist bydragen yn ferskate Fryske jierboekjes en tydskriften ek in pear toanielstikken. Gerben Colmjon dichte op syn houlik in boaskrym yn it jierboekje Swanneblommen (1866). Aartsma syn soan Aart Aartsma wie letter haadredakteur fan De Hepkema.

Wurk

  • 1857 – Spiksplinternije Festeljounskrante
  • 1857 – Lokwinsk oan Alle Yet Libjende Minsken, Det it Mei de 13 Juny Goed Utpakt Is
  • 1862 – It Tsjiende Gebot, of: Sa Komme de Slînders to Pas (blijspul)
  • 1865 – It Huushemelen: En Gesprek in de Biltael Beskreven (yn it Biltsk; yn 1988 bewurke en werútjûn troch Sytse Hotzes Buwalda as: 't Húshimelen: 'n Gesprek in de Bildttaal)
  • 1873 – In Buike oan de Houlikshimmel, of: Wer Twa Kibje, Ha Meastal Beide Skuld (blijspul)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • myn Bodders yn de Fryske Striid, (1926, side 606 (mei portret))
  • It Heitelân (1921, side 296, 310)
  • Sljucht en Rjucht (1927, siden 492, 774, 789)
  • G. Abma, Kl. Jansma en oaren (red.), Encyclopedie van het hedendaagse Friesland, Ljouwert: M.A. van Seijen 1975, Aartsma, Klaas Aart.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 25 Aug 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.