Johannes Casparus Bergsma

The basics

Quick Facts

PlacesNetherlands
wasBusiness executive Businessperson
Work fieldBusiness
Gender
Male
Birth13 March 1775, Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
Death6 July 1818Dokkum, Dongeradeel, Friesland, Netherlands (aged 43 years)
Star signPisces
Education
University of Franeker
The details

Biography

Johannes Casparus Bergsma, (Ljouwert, 13 maart 1775 – Dokkum, 6 july 1818) wie in Frysk politikus en jurist.

Johannes Casparus Bergsma wie in soan fan de grytman van Dantumadiel Petrus Adrianus Bergsma (1743-1824) en Dodonea Jacoba Doitsma. Hy boaske op 3 july 1798 oan Jetske Wiskia fan Scheltinga (1777-1855). Hy wie in telch út de Fryske regintefamylje Bergsma. Hy studearre rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer.

Yn septimber 1814 waard Bergsma lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân út namme fan de gritenij East-Dongeradiel. Yn 1816 waard er grytman fan East-Dongeradiel. Beide funksjes hie er oant syn dea yn 1818. Yn maart waard er foar it departemint Fryslân beneamd ta lid fan de Gearkomste fan Notabelen dy't him útsprekke moast oer it ûntwerp fan de Nederlânske grûnwet.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. It PDC jout Dantumawâld as berteplak, mar it doopboek van Dantumawoude seit der er yn Ljouwert berne waard en op 5 april 1775 yn Damwâld doopt is as Johan Caspar.
  2. Opregte Haarlemsche Courant fan 11 july 1818 Overlijdensannonce Johannes Casparus Bergsma
  3. Nederlânsk Patrisjaat 1927 en 1993
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 19 Jul 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.