Biography
Lists
Also Viewed
Quick Facts
Intro | Dutch architect | |
Places | Netherlands | |
was | Architect | |
Work field | Engineering | |
Gender |
| |
Birth | 22 February 1895 | |
Death | 12 February 1971 (aged 76 years) |
Biography
Johannes Albertus (Jo) Boer (Grins, 22 febrewaris 1895 - dêre, 12 febrewaris 1971), yn fakliteratuer meast J.A. Boer neamd, wie in Nederlânsk arsjitekt.
Libben en wurk
Jo Boer wenne en arbeide syn hiele libben in de stêd Grins, dêr't er tusken 1926 en 1956 in grut tal gebouwen ûnwurp. Bygelyks fersate grutte wenningkompleksen, fral yn de Korrewegwijk. Ta de bekendste dêrfan wurde rekkene de wenten om it Bernouilliplein hinne (1926). Ek it Pythagorascomplex (1930) yn de Oranjewyk is fan syn hân. Fierder ûntwurp Boer yn Grins it Noarderbad (1933) en teater De Beurs (1938) oan it Akerkhof. Syn eigen wen-wurkhûs (1939) oan de Hereweg wie ek fan syn hân. Ek bûten Grins wie Boer acktyf: hy tekene ûnder mear lânhuzen en filla's yn Haren en Snits. Yn Snits ûntwurp er ek it fabryk fan snobbersguodfabrikant Tonnema (1954).
Boer liet him fral ynsirearje troch de Amsterdamske Skoalle en de Nije Saaklikheid. Guon fan syn bouwurken binne oanwiisd as ryksmonumint, ferskate oare stean op de monumintelist fan de gemeente Grins.
Op 12 febrewaris 1971 bedarren Boer en de frou mei de auto yn it Ferbiningskanaal tsjinoer it haadstasjon fan Grins nei in útwykmanoeuvre. It slagge omstanners en de brânwar net om harren te rêden: beide felearen it libben.
Priuwke fan syn wurk
Filla Het Uilennest (1928) yn Haren
It Pythagorascomplex (1930) yn Grins
It Tonnemafabryk (1954) yn Snits
Jo Boer syn wen-wurkhûs (1939) oan de Hereweg yn Grins (2010)
Literatuer
- Overbeek, Rita M.H., en Marieke van der Heide (2006). Jo Boer (1895-1971): architect uit het Noorden. Noordboek, Grins. ISBN 90-330-0567-0, ISBN 978-90-330-0567-1
Sjoch ek
- List fan Nederlânske arsjitekten
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|