Jannes van Dijk

Dutch jurist and politician
The basics

Quick Facts

IntroDutch jurist and politician
PlacesNetherlands
wasJurist Politician
Work fieldLaw Politics
Gender
Male
Birth1 December 1871, Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands
Death9 February 1954 (aged 82 years)
Star signSagittarius
Politics:Anti-Revolutionary Party
The details

Biography

Jannes Johannes Cornelis van Dijk (Ljouwert, 1 desimber 1871 - De Haach, 9 febrewaris 1954) wie in Nederlânsk politikus.

Van Dijk folge in oplieding ta offisier en waard yn 1899 dosint militêr rjocht oan de Keninklike Militêre Akademy (KMA). Fan 1913-1921 wie hy direkteur fan de topografyske ôfdieling fan it Ministearje fan Oarloch. Yn 1921 waard hy Minister fan Oarloch en Minister fan Marine a.i. yn it Kabinet-Ruijs de Beerenbrouck I. De funksje fan Minister fan Oarloch ferfolde hy ek fan 1922-1925 yn it Kabinet-Ruijs de Beerenbrouck II. Nei dizze perioade fan ministerskip wie hy fan 1925-1937 lid fan de Twadde Keamer foar de ARP. Yn 1937-1939 wie Van Dijk opnij minister en wol minister fan Definsje yn it kabinet-Colijn IV en Colijn V.

Yn de earste periode fan syn ministerskip kaam yn 1922 in nije tsjinstplichtwet ta stân. Van Dijk wie in foarstanner fan de fersterking fan it Nederlânske definsjeapparaat. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie Van Dijk gizeler yn Sint-Michielsgestel en waard hy û.o. yn it konsintraasjekamp Dachau ynternearre. Van Dijk wie ek auteur fan militêr-juridyske wurken lykas it yn 1904 útkommen Handboek van militair strafrecht en Wet op de Krijgstucht en in hantlieding foar offisieren oer de militêre rjochtspleging. Om syn fertsjinste as militêr jurist ferliende de Frije Universiteit him yn 1938 in earedoktoraat yn de rjochten.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.