Janine van Elzakker

Dutch actress
The basics

Quick Facts

IntroDutch actress
PlacesNetherlands
wasSinger Actor
Work fieldFilm, TV, Stage & Radio Music
Gender
Female
Instruments:Voice
Birth26 December 1945, Halsteren, Netherlands
Death11 March 2019 (aged 73 years)
Star signCapricorn
The details

Biography

Janine van Elzakker (Halsteren, 26 desimber 1945 - 11 maart 2019) wie in Nederlânske aktrise dy't bekend waard fan it lietsje fan de bernesearje Beertje Colargol (en teffens de stim fan de haadpersoan die).

Yn 1974 liende se har stim oan in personaazje op de Disney harkplaat Dombo.
Yn 1980 die se mei oan it radio-harkspul Bureau Stadionstraat (skreaun troch Ischa Meijer en Henk Spaan, útstjoerd troch de VPRO).

Elzakker wie op telefyzje te sjen yn De lachende scheerkwast (1981/1982) en Opzoek naar Yolanda (1984) as 'Elsje de Wit' en yn Plafond over de vloer (1986) ek as 'Wilhelmina Kuttje junior'.
Fieders spile se yn 1987 yn it telefyzjespul Sans rancune de rol fan 'Yvette Schouten'.

Ek wurke se mei oan it radioprogramma Ronflonflon mei 'Jacques Plafond' (Wim T. Schippers). Sy fertolke de stimmen fan: 

  • Wilhelmina Kuttje jr.
  • Jacqueline van Benthem.
  • Elsje de Wit.
  • Widdo van Beurden.
  • Anneke Rol.

Fan 1989 oant en mei 1994 spile hja yn fiif seizoenen in dûbelrol as 'Tineke Smulders-Das' en 'Wilhelmina Kuttje' yn de drama/komeedzjy-telefyzjerige We zijn weer thuis fan Wim T. Schippers.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 22 Apr 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.