Jan Buisman

Dutch teacher
The basics

Quick Facts

IntroDutch teacher
PlacesNetherlands
isTeacher Historian Geographer
Work fieldAcademia Science Social science
Gender
Male
Birth1925, Culemborg, Netherlands
Age100 years
Awards
Zilveren Anjer2017
The details

Biography

Jan Buisman (Kulemboarch, 19 febrewaris 1925) is in Nederlânsk histoarysk geograaf. Hy waard opbrocht yn Borkulo.

Libben

Nei syn oplieding oan de Kristlike Kweekskoalle yn De Haach wie Buisman ferskate jierren ûnderwizer. Letter studearre er ierdrykskunde en skiednis yn Amsterdam en 1968 helle er syn doktoraaleksamen histoaryske geografy. Buisman stie 28 jier foar de klasse en skreau sa'n tweitich boeken.

Nei syn pinsjoenearring sette Buisman út en mei syn grutte wurk: de mânske rige Duizend jaar wind en water in de Lage landen, dy't úteinlik út acht dielen bestean sil. Fiif dielen binne al ferskynd (maart 2013), it sechde wurdt yn 2014 ferwachte. Yn dy boekesearje behannelet Buisman de waarsomstannichheden yn Nederlân en Belgje fan jier oant jier fanôf 763. Hy hellet de waarfeiten út de meast útienrinnende boarnen.

De boekerige ferskynt yn nau oparbeidzjen mei it KNMI yn De Bilt en wurdt útjûn troch útjouwerij Van Wijnen. Maart 2011 ferskynde tuskentroch in boek dat de hûndert hichtepunten út de waarskiednis fan Nederlân beskriuwt: Extreem weer! Een canon van weergaloze winters & zinderende zomers, hagel & hozen, stormen & watersnoden.

Op 29 april 2011 waard Jan Buisman riddere; hy waard ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Yn 2017 krige Jan Buisman de Sulveren Anjer foar syn ûndersyk en publikaasjes oer it waar yn Nederlân. Dy binne fan grutte wearde foar de meteorology en de Nederlânske skiedskriuwing. Duizend jaar weer, wind en water in de Lage Landen heart ta it kultureel erfgoed fan Nederlân.

Wurk

Duizend jaar weer, wind en water in de Lage Landen:

  • diel 1, 1000-1300, (sechde druk), ISBN 9789051940756
  • diel 2, 1300-1450, (fjirde druk), ISBN 9789051941418
  • diel 3, 1450-1575, (twadde druk), ISBN 9789051941425
  • diel 4, 1575-1675, (twadde druk), ISBN 9789051941432
  • diel 5, 1675-1750, (earste druk), ISBN 9789051941906
  • diel 6, 1750-1825, (sil ferskine yn 2014), ISBN 9789051941913
  • diel 7, 1825-1900, (sil ferskine yn 2017), ISBN 9789051942156
  • diel 8, 1900-heden, (sil ferskine yn 2019), ISBN 9789051942811
  • Extreem weer! Een canon van weergaloze winters & zinderende zomers, hagel & hozen, stormen & watersnoden, ISBN 9789051943580

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Weerhistoricus Jan Buisman geridderd, parseberjocht op webstee KNMI, 2 maaie 2011
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 21 Apr 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.