Biography
Lists
Also Viewed
Quick Facts
Intro | Dutch politician | |
Places | Netherlands | |
is | Politician | |
Work field | Politics | |
Gender |
| |
Birth | 24 October 1954, Leeuwarden, Leeuwarden, Friesland, Netherlands | |
Age | 70 years | |
Politics: | Labour Party |
Biography
Jaap-Jelle Feenstra (Ljouwert, 24 oktober 1954) is in politikus foar de Partij fan de Arbeid en earder Twadde Keamerlid. Oarspronklik wie hy oplaat ta dosnint yn de natuerkunde en biology. Yn 1977 waard hy lid fan de Partij fan de Arbeid, en yn 1979 waard hy beliedsmeiwurker yn it Europeesk Parlemint. Fan 1981 - 1988 wie hy meiwurker en koördinator by it Sintrum foar Enerzjybesparring en Skjinne Technology te Delft. Yn 1987 waard hy foar de PvdA lid fan de Provinsjale Steaten fan Utert. Jannewaris 1988 waard hy lid fan de Twadde Keamer, en yn 1989 (mei in yntermezzo fan inkele moannen) nochris. Yn 1994 ferliet hy de Keamer foar inkele jierren en waard hy sekretaris by it Ynter Provinsjaal Oerlis, wêrnei't hy yn 1997 wer weromkaam yn de Keamer, om lid te bliuwen oant 2002.
Hy wie yn de Twadde Keamer wurdfierder miljeu, romtlike oardering, wetter, lânbou (benammen it dongbelied) en foar it dossier Betuweline en hie al yn syn jeugd belangstelling foar natoerstúdzje, sa't ûnder mear bliken docht út syn lidmaatskip fan it Kristlik Jeugdbûn foar Natoerstúdzje en syn bestjoerslidmaatskippen by natoerbehâldferienings. Nei syn Keamerlidmaatskip wie Feenstra inkele jieren foarsitter fan it Fytsersbûn (2001 - 2007) en aktyf by de PvdA ôfdieling Rotterdam.