Biography
Lists
Also Viewed
Quick Facts
Places | Netherlands | ||
is | Musician Organist Conductor Businessperson Entrepreneur | ||
Work field | Business Music | ||
Gender |
| ||
Genres: | Church music | ||
Instruments: | Church organ | ||
Birth | 30 April 1935, Bolsward, Súdwest-Fryslân, Friesland, Netherlands | ||
Age | 89 years | ||
Star sign | Taurus | ||
Residence | Joure, De Fryske Marren, Friesland, Netherlands; Bolsward, Súdwest-Fryslân, Friesland, Netherlands | ||
Awards |
|
Biography
Hielke Faber (Boalsert, 30 april 1935) is in Frysks organist en dirigint.
Libbensrin
Jeugd
Faber fûn as bern it oargel al in fassinearjend ynstrumint. Hy gie alle sneinen al mei syn âlden mei nei tsjerke. Meidat syn omke ek organist wie, woe hy sels ek al jong oargellessen nimme, mar dat waard ôfwiisd troch syn heit. Nei earst it noateskrift leard te hawwen folge hy wol oargellessen.
Wurkpaad
Faber debutearre al op tolvejierrige leeftyd as organist yn de Broeretsjerke yn Boalsert. Syn earste bespiling dêr wie op twadde krystdei yn 1947. Yn de tiid fan syn tsjinstplicht by de keninklike loftmacht wie hy organist fan de Sint-Martinustsjerke yn Makkum.
Yn 1964 ferhuze hy nei De Jouwer wêr ‘t hy organist waard yn de Hobbe fan Baerdt Tsjerke en de Doopsgesinde tsjerke. Teffens wie hy dêr as opfolger eigener fan in bedriuw foar wenningynrjochting. Hy eksploitearre dit bedriuw oant 1994 wêrnei ’t er him hielendal rjochte op it oargel. Hy is sûnttiids dirigint en organist yn de herfoarme Nikolaastsjerke yn Nijlân.
Underskieding
Yn desimber 2022 waard Faber by syn 75-jierrige jubileum beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.