Franciscus Holkema

Dutch biologist
The basics

Quick Facts

IntroDutch biologist
PlacesNetherlands
wasScientist Biologist Botanist
Work fieldScience
Gender
Male
Birth1840, Aldeboarn, Heerenveen, Friesland, Netherlands
Death1870 (aged 30 years)
The details

Biography

Franciscus Holkema (Aldeboarn, 10 maaie 1841 - Grins, 11 juny 1870) wie in Fryske biolooch en botanikus. Hy die wiidweidich stúdzje nei de fegetaasje fan de Waadeilannen en wie yn dit opsicht in pionier.

Holkema wie yn Nederlân de earste dy 't de fegetaasje fan in plantegeografyske ienheid yn syn gearhing bestudearre, en hy jildt dan ek as de earste Nederlânske plantesosjolooch, neffens it oardiel fan de fegetaasjekundige Victor Westhoff. It fakgebiet plantesosjology bestie yn dy tiid noch net. Holkema wie fan doel yn 1870 te promovearjen op syn proefskrift De plantengroei der Nederlandsche Noordzee-eilanden, Texel, Vlieland, Terschelling, Ameland, Schiermonnikoog en Rottum. Eene bijdrage tot de Flora van Nederland. Hy ferstoar lykwols hommels op 29-jierrige leeftyd oan de gefolgen fan TBC, foardat hy promovearje koe. Syn troch professor Van Hall postúm besoarge proefskrift sette Jac. P. Thijsse der ta oan in betrekking as ûnderwizer op Tessel oan te nimmen; yn it proefskrift fan Holkema hie Thijsse lêzen dat der op Tessel noch in soad te ûntdekken foel.

Holkema ûntduts yn 1868 op Skylge de Grutte feanbei of Cranberry. Hy meldde de fynst fan dy fan oarsprong Amerikaanske plantesoart as "de schoone nieuwelinge in de Europese flora" ûnder de âlde wittenskiplike namme Vaccinium macrocarpon (tsjintwurdich Oxycoccus macrocarpos).

Literatuer

  • F. Holkema - De plantengroei der Nederlandsche Noordzee-eilanden, Texel, Vlieland, Terschelling, Ameland, Schiermonnikoog en Rottum. Eene bijdrage tot de Flora van Nederland - Dissertaasje Univ. Grins Holkema, Amsterdam-1870.

Sjoch ek

  • Fan Holkema
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 26 Feb 2024. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.