Biography
Lists
Also Viewed
Quick Facts
Intro | Politician | |
Places | Netherlands | |
was | Politician | |
Work field | Politics | |
Gender |
| |
Birth | 18 December 1793, Metslawier, Dongeradeel, Friesland, Netherlands | |
Death | 12 October 1886 (aged 92 years) | |
Star sign | Sagittarius |
Biography
Folkert Johannes Witteveen (Mitselwier, 18 desimber 1793 - De Lemmer, 12 oktober 1886) wie de soan fan Mr. Jouwert Witteveen, frederjochter te Dokkum, en fan Teltje Stapert, liet him 19 septimber 1819 ynskriuwe as medysk studint oan de hegeskoalle fan Grins, dêr't hy 31 maaie 1822 promovearre ta medysk dokter op it proefskrift: De delirio tremente.
Folkert wie yn 1813 as garde d'honneur útlotte en waard kommandant fan it 3de detasjemint. Hy boaske Pietertje Stapert, en nei har ferstjerren (11 septimber 1827) mei Catharina Gerlsma te Sleat (16 febrewaris 1829). Hy fêstige him as genêshear op De Lemmer en wie lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Syn broer Sijbrand Witteveen (13 augustus 1802 - Huzum 29 oktober 1884) wie ûntfanger fan de direkte belestingen yn Wurdum, earder luitenant op see fan de 2e klasse, troud 2 desimber 1841 mei Margaretha Carolina Albarda (Starum, 8 maart 1808 - Ljouwert, 19 febrewaris 1890). Syn suster Maria Witteveen wie troud mei Mr. Arnoldus Johannes Andreae.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|