Eric Hoekstra

Dutch poet, writer and columnist
The basics

Quick Facts

IntroDutch poet, writer and columnist
PlacesNetherlands
isPoet Writer Journalist Columnist Critic Literary critic
Work fieldJournalism Literature
Gender
Male
Birth6 April 1960, Heerenveen, Netherlands
Age64 years
Star signAries
The details

Biography

Eric Hoekstra (*6 april 1960, It Hearrenfean ) is in Frysk skriuwer. Hy publisearre sawol poëzij as proaza. Hy is benammen bekend fanwege syn oersettingen nei it Frysk fan it wurk fan Friedrich Nietzsche. Hy krige dêrfoar yn 2002 de Dr. Obe Postmapriis.

Hoekstra is fierder bekend as literatuerkritikus en kollumnist. Under eigen namme en ûnder de pseudonimen 'Dr. Gleon', 'Dr. Tsjoen' en 'Justus' skreaun hy bydragen yn it Frysk Deiblêd en yn de tydskriften Kistwurk, Farsk, De Moanne, Hjir en Erosmos.

Eric Hoekstra brocht in lange rige taalkundige publikaasjes op syn namme. Sa publisearre er oer de Fryske ynfloeden yn Hollânske dialekten, dialektology, syntaksis, taalpolityk en taalferoaring. Eric Hoekstra is foarsitter fan de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân.

Yn febrewaris 2007 húsmanne Eric Hoekstra, lykas Diogenes 2500 jier dêrfoar, in wike lang yn in houten tonne.

Eric Hoekstra bekearde him ta it kristendom nei in mystike ûnderfining. Hy makke út'e fjouwer evangeeljes in spannende en moderne roman: Roman fan in hielmaster dy't ek yn it Nederlânsk ferskynde mei de titel Roman van een geneesheer

Wurk

  • 2000: De floeibere bân (dichtbondel)
  • 2002: Yn 'e fal fan jûn (poetysk wurk, skreaun mei Eeltsje Hettinga ûnder it pseudonym Hu Thung Song)
  • 2007: Kening fan de junks (roman)
  • 2007: Libje goed: op nei de tonne (roman)
  • 2013: Lofts! Rjochts! Lofts! Rjochts! (roman)
  • 2017: The Frisians: A Xenophobe's Guide (non-fiksje)
  • 2018: Roman fan in hielmaster/ Roman van een geneesheer. Utjouwerij Elikser

Oerset wurk

  • 2000: Dat Sei Zarathustra: In Boek foar Alleman en Gjinien (oersetting fan Also Sprach Zarathustra, fan Friedrich Nietzsche)
  • 2003: Oarekant Goed en Kwea: Foarspul fan in Filosofy fan 'e Takomst (oersetting fan Jenseits von Gut und Böse, fan Friedrich Nietzsche)
  • 2012: Bhagavad Gita: It liet fan God - It Boek fan de Yoga (oersetting fan 'e Bhagavad Gita, in ûnderdiel fan it gruttte epyske gedicht de Mahabharata, skreaun troch de wize Vyāsadeva)

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Erik Hoekstra yn de tonne (sjoen op 10 feb. 2010)
  2. Utjouwerij Elikser
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 21 Apr 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.