Elles Berger

Dutch television presenter and presenter
The basics

Quick Facts

IntroDutch television presenter and presenter
PlacesNetherlands
isTelevision presenter
Work fieldFilm, TV, Stage & Radio
Gender
Female
Birth20 February 1940, Amsterdam, Amsterdam, North Holland, Netherlands
Age84 years
The details

Biography

Elles Berger (Amsterdam, 20 febrewaris 1940) is in Nederlânsk eardere radio- en telefyzjepresintator.

Berger har heit wie de súksesfolle atleet Chris Berger. Hy wie haadopsichter fan it Olympysk Stadion, en doe't yn 1956 in speaker socht waard brocht hy syn dochter yn. It jier dêrnei nûge VARA's Bob Spaak har út foar in stimtest en sy waard oannaam. It earste programma dat sy presintearre wie it programma Krakepit foar de jongerein.

Yn de 30 jier dy't folgen makke sy in ferskaat oan radioprogramma's, mar it meast populêr waard Klink Klaar, dat sy fan 1972 ôf presintearre mei Joop Smits. It spultsje Geen ja, geen nee waard tige populêr.

Fanôf 1961 wie Elles Berger ek omropster op telefyzje. Teffens presintearre sy programma's sa as de konsuminterubryk Koning Klant, it sportprogramma Sporttribune en it magazine Zo maar een zomeravond. Yn 1981 presintearre sy mei Fred Oster it Nasjonaal Songfestival.

Yn 1989 stapte sy oer nei RTL-Véronique, de foarrinner fan RTL 4, dêr't sy ek in sportprogramma die. Sy hâlde op mei har wurk foar de omrop yn 1997.

Elles Berger troude yn 1965 mei fuotbalcoach/entertainer Barry Hughes. Sy hawwe trije dochters, Chris, Sanne en Nelsy

Keppeling om utens

The contents of this page are sourced from Wikipedia article. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.