Biography
Gallery (1)
Lists
Also Viewed
Quick Facts
Biography
Dominicus Cannegieter (Hallum, 23 oktober 1842 - Tsjom, 11 maart 1909 wie in Fryske notaris en amateur-skiedkundige.
Libben en wurk
Hy wie in soan fan Dr. Hendrik Gerrit Cannegieter (1804-1881) en fan Sytske Bekius. Hy waard 17 novimber 1865, nei't er eksamen dien hie foar de Kommissy út it Provinsjaal Gerjochtshôf fan Súd-Hollân, beneamber ferklearre ta notaris en by K.B. fan 30 maart 1878 oansteld as notaris yn Tsjom. Yn syn frije oeren hold er him dwaande mei skied- en âldheidkundich ûndersyk. De resultaten fan syn ûndersykingen binne publisearre yn de Friesche Volksalmanak en yn de Vrije Fries. Yn de earstneamde beskreau er de âlde states en stinzen út Hallum, Tsjom en omkriten en ienige stikken op tsjerkehistoarysk mêd. Ofsûnderlik ferskynde fan him: Geschiedenis van het Martenahuis te Franeker, en Genealogie van het geslacht Cannegieter, yn hokker lêste wurk er in grut tal fan oare plakken ûnbekende bysûnderheden oangeande syn leard laach meidield hat.
Priveelibben
Hy boaske yn Schoonhoven op 21 aug. 1879 oan Trijntje Catharina Cundagunda Leesekamp, berne yn Brandwijk 20 april 1844. Ut dit houlik hied er trije bern, de soannen waarden predikant te Jelsum en te Zeddam, en de dochter troude mei Ds. F.H.G. fan Iterson te Spankeren.