Dirk Jan van der Woud

The basics

Quick Facts

PlacesNetherlands
isAthlete Frisian handball player
Work fieldSports
Gender
Male
Birth10 February 1971, Leeuwarden
Age53 years
The details

Biography

Dirk-Jan van der Woud (Ljouwert, 10 febrewaris 1971) is in âld keatser dy't fan 1991 oant 2005 op it heechste nivo by de KNKB aktyf wie.

Prizen

Op de Rengersdei nei hat Van der Woud alle klassikers wûn. It hichtepunt yn syn keatskarriêre wie de ferassende winst op de PC, de 10e foar Van der Woud, yn 2000, mei as maten Klaas Berkepas en Klaas Anne Terpstra. Yn de finale waard nei in 5-1 foarstân, mei 5-4 (6-6) wûn fan it sterker achte partoer fan Pieter van Tuinen, Chris Wassenaar en André Kuipers.

Ivich klassemint

Van der Woud spile meiïnoar mear as 600 partijen, wêrby hy 127 kear foar de tinte stie. Foar it ivich keatsklassemint sloech er sa 325 punten by inoar. Doe't er op 18 septimber 2005 op de Aldehoupartij ôfskied naam, stie de Goutumer yn dat klassemint op it 58ste plak.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 30 Jul 2019. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.