Carlo de Leeuw (Rotterdam, 12 desimber 1960) is in âld proffuotballer dy't tusken 1983 en 1989 seis seizoenen by de Ljouwert fuotbalklup Cambuur spile. Syn bynamme wie it Slangeminsk út Rotterdam en hy waard trije kear útroppen as foarhoedespiler fan it jier. De Leeuw wie in tûke technysk bejeftige spiler mar mentaal net al te sterk. Hy sette yn totaal 22 doelpunten foar Cambuur. Utsein Cambuur spile de Leeuw foar Feyenoord, Excelsior, Eindhoven en Volendam. Op in reüny fan âld-Cambuurspilers yn 2007 waard er útroppen ta bêste middenfjilder fan alle tiiden.
Yn 2013 is er materiaalfersoarger by ut Nederlânsk alvetal en Feyenoord.
Earelist
- KNVB beker: 1979/80, 1980
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Ljouwerter Krante fan 24 april 2010, side 19.
|
Earelist
- KNVB beker: 1979/80, 1980
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Ljouwerter Krante fan 24 april 2010, side 19.
|