Bruno Lieuwes van Albada

The basics

Quick Facts

wasAutobiographer
Work fieldLiterature
Gender
Male
Birth11 December 1792
Death27 January 1876 (aged 83 years)
Star signSagittarius
The details

Biography

Bruno Lieuwes van Albada (Maastricht, 11 desimber 1792 – Warkum, 27 jannewaris 1876) wie in Frysk letterkundige en skriuwer fan learboekjes.

Libben

Van Albada waard berne yn Maastricht, dêr't syn heit, Lieuwe Bruno van Albada, doedestiden legere wie. Sawol syn heit as syn mem, Jetske Poort, wiene ôfkomstich út Harns. Koart nei syn berte ferfear Van Albada mei syn âlden nei Ljouwert, dêr't er de Latynske skoallen trochrûn. Neitiid learde er fan 1811 oant 1814 troch oan 'e Ryksuniversiteit Grins, yn 'e teology, mar waard lykwols úteinlik ynstee ûnderwizer, fanwegen in brekme oan beskikberheid fan predikantsplakken. Fan 1816 oant 1828 wied er skoalhaad te Aldebiltsyl, en dêrnei yn Warkum oant syn pinsjonearring yn 1860.

Van Albada wie te Froubuorren troud mei IJtje Zijlstra (1802-1875). Hy skreau ferskate skoalboekjes, in stúdzje oer it Biltsk (Eenen Bijdrage tot den Bildtschen Tongval) en oantinkens: Uit de Oude en Nieuwe Doos (1875). Hy ferstoar yn 1876 te Warkum. Syn oantinkens oan syn Biltske tiid waarden yn 1961 troch Hotze Sytses Buwalda oerset yn it Biltsk en yn trije ôfleverings publisearre yn 'e Biltske Post, ûnder de titel Ut 't Leven fan 'n Ouwesylster Skoalmaster (1816-1828).

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland, 1953, Albada, Bruno Lieuwes van.
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 14 Jul 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.