Bocko fan Burmania

Politician
The basics

Quick Facts

IntroPolitician
isPolitician
Work fieldPolitics
Gender
Male
The details

Biography

Bocko fan Burmania († 1628 of 1629) wie grytman fan Hinnaarderadiel.

Bocko wie de soan fan Poppe fan Burmania en fan Clara Frauwenhoven. Waard yn 1600 grytman fan Hinnaarderadiel, op 4 july 1602 dykgraaf en krige op 29 jannewaris 1614 in sit yn it kolleezje fan Deputearren. Yn it flogjende jier wie hy wegens de Steaten yn de Kommisje ta yntrodusearjen en beëdigjen fan de nije regearingspersoanen fan de stêd Frjentsjer. As lid fan de steaten folge hy, yn 1620, foar Westergoa de lykstaasje fan greve Willem Loadewyk fan Nassau. Hy wie ek lid fan de Admiraliteit yn Dokkum; Wie troud mei Frau fan Burmania en hie by har sân bern, wêrûnder Poppe fan Burmania jr. Doe't syn earste frou stoar wertroude hy yn 1622 mei Ursel fan Roorda fan Ginnum, dy't him twa bern skonk. Hy giet yn portret út, gravearre troch Theodorus Matham, mei in Latynsk fers fan A. van der Mast, dêr't erk oer wittenskiplike fertsjinsten rept wurdt.

Sjoch ek

  • List fan grytmannen fan Hinnaarderadiel

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 05 Aug 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.