Antonius Petri

The basics

Quick Facts

PlacesNetherlands
Gender
Male
Birth1620, Ferwert, Ferwerderadiel, Friesland, Netherlands
Education
University of Franeker
The details

Biography

Antonius Petri (Ferwert, om 1620 - Britsum, 1672) wie dûmny yn Jutryp - De Hommerts en yn Britsum.

Antonius Petri is sirka 1620 berne yn Ferwert. Yn 1637 studearre er teology oan de Universiteit fan Frjentsjer.

Yn 1642 waard er herfoarme dûmny yn Jutryp - De Hommerts. Op 16 febrewaris 1645 boaske er yn Heech mei Jancke Tammeri Baerdt.

Yn 1649 waard er dûmny yn Britsum. Dêr krige it pear seis bern:

  1. Peterus Antonides, * 29 april 1649.
  2. Gerardus Antonides, * 16 augustus 1651.
  3. Femke Antonides, * 16 juny 1654.
  4. Petrus Antonides, 4 augustus 1657 - 9 maaie 1738, Raerd.
  5. Femke Antonides, * 6 maaie 1660.
  6. Eelkjen Antonides, * 14 juny 1663.

De nammen tsjutte oan dat guon fan de bern net âld wurden binne.

Antonius Petri is yn 1672 yn Britsum ferstoarn. Syn famyljewapen is yn it doarp werom te finen as gevelstien yn de gevel fan de weme, en as ien fan de wapens op de tsjerkeklok út 1664.

The contents of this page are sourced from Wikipedia article on 24 Jul 2020. The contents are available under the CC BY-SA 4.0 license.